Cambuur earst tsjin Graafschap

27 jun 2009 - 10:55

Fuotbalklup Cambuur begjint it nije seizoen mei in thúswedstryd tsjin De Graafschap, de degradant út de earedivyzje. Dat stie ek al yn it konseptprogramma dat it fuotbalbûn KNVB woansdei presintearre.

De klups hiene oant freed de tiid om beswier te meitsjen tsjin it nije kompetysjeprogramma. No is it programma definityf. De wedstryd Cambuur-De Graafschap is op freed 7 augustus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)