Man falt fan heawein

27 jun 2009 - 10:52

In 53-jierrige boer út Nes yn de gemeente Boarnsterhim is freed ferwûne rekke neidat de man fan de heawein fallen wie. De traumahelikopter waard ynskeakele omdat it slim like.

De man hie ferwûnings oan syn holle. Uteinlik is de man mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)