Nije formule SKS Skûtsjesilen

Grien ljocht foar de nije túchformule (foto: Martin de Jong)
Der is grien ljocht foar de nije túchformule yn it SKS Skûtsjesilen. De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen (SKS) stimde dêr freedtejûn mei yn op betingst dat der nije stabiliteitsmjittings dien wurde op alle skûtsjes. Guon skippers twivelje oan de eardere mjittings.
De útslach fan de nije mjittings wurdt oanhâlden. De nije formule soarget foar mear spanning. Troch de seilen oan te passen, moatte de skûtsjes kwa snelheid tichter by elkoar komme.