Bommelding loas alaarm

Yn it fertochte pakketsje dat freed yn in flatgebou oan de Boksdoarnstrjitte yn Ljouwert besoarge waard sieten boeken. Dat hat it EOC, Explosieven Opruimings Commando bekend makke.
De plysje gie yn earste ynstânsje út fan in bommelding, omdat de ûntfanger fan it pakket yn it ferline faker bedrige is. Dêrom moasten 250 buertbewenners har hûs út. It ûndersyk hat rom fjouwer oeren duorre.