Brack fernuvere oer Alex Pama

De útlittings fan Alex Pama 'fernuverje' Koen Brack (foto Martin de Jong)
Fuotballer Koen Brack is fernuvere oer útlittings fan Cambuurdirekteur Pama. Neffen Pama soe it boek Brack op dit stuit ticht wêze omdat der ynteresse foar Brack is yn Italië. It soe in dream foar Brack wêze om dêr te spyljen om't syn frou dêr weikomt.
As Brack net in klup fynt soe der wer praat wurde. Mar neffens Brack is it noch net safier. Hy fynt it spitich dat Pama foar syn beurt praat. Der soe dizze wike kontakt wêze tusken Brack en Cambuur, mar dat hat der net west.