Ferfier-speeddate by provinsje

Ien fan 'e miljeu-speeddates op it Provinsjehûs
Hoe kinne je bus en trein nofliker, flugger en miljeufreonliker meitsje? Dat hearde de provinsje freed fan tsientallen ferskate útfiners. De provinsje hat foar dy útfiners in wedstriid betocht. De twa bêste plannen krije 50.000 euro en wurde útfierd. De útfiners mochten har plannen freed presintearje op in saneamde speeddate, fan eltse kear tsien minuten.
De bus en treinbedriuwen harken fol belangstelling mei.