Lêste dei bibliobus W'werf

26 jun 2009 - 10:17

De bibliobus rydt dizze wike foar de lêste kear troch de doarpen fan Weststellingwerf. Nei de simmerfakânsje krije de skoallen biblioteekkasten. Dit is in lytse biblioteek dêr't bern boeke liene en ruilje kinne. De earste kast komt yn Boyl. De foarried wurdt twa kear yn't jier ferfongen.

Reden foar de nije opset is dat de bibliobus te djoer waard. Fansels kinne der ek boeken liend wurde út de biblioteken yn Wolvegea en Noardwâlde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)