Ynbraak oerdei yn Itens

26 jun 2009 - 10:02

Yn twa wenningen yn de gemeente Littenseradiel is tongersdei oerdei ynbrutsen. Ut in wenning oan de Itingewei yn Itens waard in koffer mei ark en in spulkompjûter stellen.

Bewenners fan in hûs oan de Hegedyk yn Lytsewierrum misse sieraden en ark. Yn beide gefallen koe de dieder it hûs ynkomme troch in rút iepen te brekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)