Skoalle Aldskoat ticht
Nei de simmer is der gjin kristlike skoalle mear yn Aldskoat. Kristlike basisskoalle De Wijngaard moat ticht om't it al jierrenlang te min learlingen hat. Tongersdei wie de lêste skoaldei.
De measte learlingen geane takom jier nei de kristlike basisskoalle op It Hearrenfean. De rest bliuwt yn Aldskoat op de iepenbiere skoalle.