Wjelsryp en Littens yn finale

25 jun 2009 - 22:28

Wjelsryp en Easterlittens keatse freedtejûn de finale fan it alfde Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote. Wjelsryp wûn yn in spannende en moaie heale finale mei 8-7 fan Winsum. Op 7-7 en 40-30 waard de partij mei in boppeslach útmakke.

Easterlittens naam yn de oare heale finale in 4-0 foarsprong tsjin Makkum. Dêrnei kaam de spanning dochs noch werom, mar op 7-6 en 40-40 pakte Littens it achtste spul. De finale, 10 spul is út, begjint om healwei achten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)