Drankkontrôle op Skylge

25 jun 2009 - 19:18

De Voedsel en Waren Autoriteit, de VWA, kontrolearret dizze dagen op Skylge oft der ek alkohol ferkocht wurdt oan jongeren ûnder de 16 jier. Mei de aksje op Skylge iepenet de VWA syn jierlikse kontrôle yn de simmermoannen. Dêrby wurdt sjoen nei de ferkeap fan alkohol yn supermerken, op campings en by eveneminten.

De kontrôle op Skylge is tongersdei begûn en duorret ek freed noch. Oft der al oertredings fûn binne wurdt pas nei it wykein bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)