Proef Talant yn De Westereen

De offisjele start fan it wurk
Túnkers fan Talant ûnderhâlde sûnt koarten it grien op minycamping De Zilveren Maan yn De Westereen. It giet om in proef dy't in healjier duorret. Mocht de proef goed útpakke dan sil Talant mooglik ek oar wurk op de kamping fersoargje.
Foar de túnkers fan Talant jildt it wurk op de minycamping as deibesteging. Se binne in pear wike lyn útein set en de ûnderfinings binne oant no ta goed. Tongersdei waard offisjeel mei it wurk begûn.