Fardin skrikt fan ûnrêst Iran

25 jun 2009 - 17:02

Iraniërs yn Fryslân binne skrokken fan de slachtoffers dy't fallen binne by de demonstraasjes yn Iran. Se ferwachtsje dat it noch lang ûnrêstich bliuwe sil yn de haadstêd Teheran.

Fardin is tapythanneler yn Ljouwert en folget it nijs út syn heitelân op de foet. De Iraniër skrikt fan de bylden op ynternet. De 61-jierrige Fardin is yn 1971 nei Nederlân emigrearre. Guon famyljeleden, lyk as syn mem en broer, wenje noch yn de Iraanse haadstêd Teheran.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)