Undersyk nei strjitrôf Snits

25 jun 2009 - 13:27

De plysje ûndersiket in strjitrôf op de Koopmansgracht yn Snits. In 50-jierrige ynwenner fan Snits moast ûnder bedriging fan in fjoerwapen syn beurs oan in oerfaller jaan. Der ûntstie fjochterij. De oerfaller sloech it slachtoffer mei it wapen op de holle en skeat op him.

Dêrnei naaide de dieder út. De Snitser is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs fan Snits brocht. De plysje freget tsjûgen om har te melden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)