Beuker Snits hast ferdronken

© Omrop Fryslân
In famke fan fjouwer jier is woandei hast ferdronken, neidat se yn Snits troch ûnbekende oarsaak yn it wetter bedarre. De mem kaam thús en seach dat har dochterke net thús wie. Nei in syktocht seach se it famke yn it wetter driuwen.
Se helle har út it wetter en begûn mei reanimaasje. De plysje naam dat letter oer. It famke is earst yn it sikehûs fan Snits behannele en dêrnei nei it sikehûs fan Grins brocht.