Fryske Gea past eilannen oan

© Omrop Fryslân
De oanpassings dy't it Fryske Gea dien hat oan de trije eilânnen yn de Bocht fan Molkwar yn 'e Iselmar, hat fertuten dien. De eilannegroep waard yn 1995 oanlein mei de bedoeling dat se regelmjittich ûnder wetter strûpe soene.
Dat soe nije briedplakken opsmite moatte. Mar de eilannen wiene te heech. Derom hat it Fryske Gea der earder dit jier in laach ôfskrabbe. Gefolch is dat der 182 fûgelpearen briede.