Kontrôle op itenspakketten

25 jun 2009 - 11:47

De gearwurkjende voedselbanken yn Fryslân kontrolearje faker oft klanten wol rjocht hawwe op itenspakketten. Ut kontrôles, dy't frijwilligers de ôfrûne moannen dien hawwe, is dúdlik wurden dat fyftjin persint fan de kliïnten in te heech ynkommen hat om yn de beneaming te kommen foar in pakket. Der is gjin sprake fan fraude.

Yn de measte gefallen ferjitte minsken de help ôf te sizzen as se wer mear ynkomsten hawwe, bygelyks troch wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)