Skarsterlân dúdlik oer fúzje

Skarsterlân hat dúklike fúzjeplannen
De waarme gefoelens wiene der al, mar boargemaster en wethâlders fan Skarsterlân hawwe no lûdop sein dat sy it leafst in fúzje oangean mei buorgemeenten Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat. Dy soe yngean moatte op 1 jannewaris 2012. It kolleezje komt mei dit beslút nei in ynventarisaasje ûnder de ynwenners.
De ried praat der op 1 july oer. Skarsterlân wol wol mei Hearrenfean gearwurkje. Beide gemeenten diele it bedriuweterrein A7.