Opspoaringsfilmke op You Tube

It YouTube-kanaal fan Plysje Fryslân
De plysje Fryslân set tongersdei in opspoaringsfilmke op You Tube oer de wapene oerfal yn Elslo. Dêrby waard yn maaie in gesin yn harren eigen hûs oerfallen troch fjouwer wapene manlju. It gesin waard bedrige, festbûn en opsletten yn de badkeamer. De dieders naaiden út mei jild.
Ut it ûndersyk fan de plysje is oant no ta net in soad kaam. Wol is dúdlik dat in pear wiken foar de oerfal de ynsittenden fan twa auto's fertocht gedrach fertoanden.