Jeu de Pelote yn Littens

Makkum tsjin Easterlittens wurdt de twadde heale finale fan it Frysk kampioenskip Jeu de Pelote. Op it Plein fan Littens wûn Makkum mei 8-5 fan Wytmarsum. Yn in hiel aardige partij kaam Makkum mei 5-2 foar, helle Wytmarsum op oant 5-5, mar pakte dêrnei gjin spul mear.
Easterlittens sette skerp útein tsjin Tsjummearum. Dat team kaam net yn har spul. Utslach 8-1. Njonken Makkum-Littens wurdt freed ek de oare heale finale keatst tusken Winsum en Wjelsryp.