Gemeenten moatte besunigje

24 jun 2009 - 15:44

Fryske gemeenten moatte troch de resesje foar miljoenen besunigje. It tal bou-oanfragen is bygelyks drastysk ôfnommen wêrtroch gemeenten miljoenen oan leges misrinne. Hearrenfean ferwachtet in strop fan 5 miljoen.

Hearrenfean hat no krisis-projekt Ciska opset om mei-inoar 5 miljoen op it eigen apparaat te besunigjen. Oft de oankundige besunigings gefolgen ha foar it persoaniel is noch net dúdlik. Yn alle gefallen sille tydlike kontrakten net trochset wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)