Walfiskbonke fûn by Achlum

24 jun 2009 - 14:42

Archeologen en studinten fan de Ryksuniversiteit Grins ha fjouwer wiken lang ûndersyk dien yn terpdoarp Achlum. In ferrassing wie de fynst fan in walfiskbonke. De walfisk is nei alle gedachten oanspield en de bonken binne as ark, bygelyks hakblok, brûkt.

2500 jier lyn wennen der al minsken yn Achlum. Der wienen doe noch gjin diken. It lege lân strûpte der geregeld ûnder. De minsken en it fee moasten dan harren taflecht nimme op de terp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)