Nije haadsponsor foar Aris

Aris hat in haadsponsor en kin wer foarút sjen
Basketbalklup Aris út Ljouwert hat in nije haadsponsor. It giet om De Friesland reisfersekerder. Troch de nije haadsponsor giet it budzjet fan Aris mei sa'n 25 persint omheech.
Troch it gruttere budzjet is der mear romte om spilers oan te lûken en goeie spilers langer fêst te hâlden, seit manager Gert Schurer. De doelstelling fan Aris foar it kommende seizoen is it heljen fan de playoffs. De lêste jierren hie Aris gjin haadsponsor.