CDA:tefolle guozzen yn Fryslân

Guozzen by Tibma yn Dongeradiel (foto argyf omrop)
Der moat flink snoeid wurde yn de guozzepopulaasje yn Fryslân. Neffens it CDA yn provinsjale steaten is der op it stuit in pleach fan benammen de skiere goes. De partij ferwachtet fan deputearre steaten dat der in plan komt om de populaasje wer yn de stringen te krijen. As it net oars kin moatte de bisten ôfsketten wurde.
It CDA wol de maatregels om't de guozzen foar tefolle skea soargje. Benammen boeren hawwe in soad lêst fan de fûgels.