Kattewyfke moat katten kwyt

It heger berop fan kattefrou Jacqueline Claus fan Sint Anne is ôfwiisd troch de Rie fan Steat. Claus hie beswier oantekene tsjin de útspraak fan de rjochtbank yn Ljouwert. Dy hy sein dat de gemeente It Bilt terjochte bepaald hie dat de frou it oantal swalkkatten yn har hûs werom bringe moast fan 39 nei 10.
Earder wie sprake fan 59 katten. De buorlju kleie oer stjonkerij. De gemeente kin noch net sizze hokker gefolgen de útspraak hawwe sil.