Roelof Bos CDA-listlûker

24 jun 2009 - 10:45

Roelof Bos út Feanwâlden wurdt by de ferkiezings foar de nije gemeenterieden yn 2010 de nije listlûker fan it CDA yn Dantumadiel.

Dat ha de CDA-leden tiisdei unanym besletten. De 53-jierrige Bos folget Wander Slomp op. Bos is sûnt 2002 riedslid foar it CDA. Hy is yn de fraksje finansjeel wurdfierder en giet oer de sosjale ûnderwerpen. Yn it ferline wurke Bos foar lânbou-organisaasje NLTO. Hy wurket no as projektlieder foar de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)