Auto yn brân op It Hearrenfean
Ferkear út It Hearrenfean wei hat woansdeitemoarn in soad lêst hân fan in brânende auto. Flak foar njoggen oere fleach op de oprit Hearrenfean-Sintrum yn de rjochting fan Ljouwert in auto yn 'e brân. De bestjoerder koe himsels rêde en feilich út de auto komme.
Oare auto's koene dêr wol del, mar hiene wol lêst fan de auto en de helptsjinsten dy't it fjoer bestriden.