Keunstsinnige bankjes

24 jun 2009 - 08:02

Op tsien plakken yn Noardeast-Fryslân komme keunstsinnige bankjes te stean. De provinsje lûkt hast 160.000 euro út foar in projekt om 10 byldbepalende rêst- en moetingsplakken meitsje te litten troch keunstners.

Stichting Keunstwurk en Landschapsbeheer Friesland sille op syk nei keunstners. De bankjes komme te stean op plakken lâns histoaryske kuierpaden en fytsknooppuntrûtes. Mei in kaartsje kinne minsken fan bankje nei bankje fytse of rinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)