Pier Holwert publykslûker

© Omrop Fryslân
De pier fan Holwert moat in publykslûker wurde. Yn de doarpsfyzje 'Holwerter Fiersichten' stiet dat der in grut gebou op de kop fan de pier komme moat. It is ien fan de plannen om mear toeristen, sakelju en bewenners nei Holwert te lûken.
It doarp hat te krijen mei krimp. Mear as acht prosint fan de doarpsbewenners is de ôfrûne seis jier nei in oar plak ferhuze. Dêrom moat der ek fan alles yn en rûn it doarp gebeure. De Holwerters binne ferdield oer de fyzje.