Duorsume enerzjy foar Ferwert

© Omrop Fryslân
Ferwerderadiel begjint in eigen duorsum enerzjybedriuw. It bedriuw Lokale Energie Ferwerderadiel wurdt opset yn in ferieningsfoarm, sadat ynwenners lid wurde kinne.
Se kinne ek jild ynvesteare. De earste projekten moatte al gau los: de sporthal en skoalle fan Ferwert sille mei restwaarmte fan in dongfergister ferwaarme wurde. Ek it rekreaasjepark, doarpshûs en de skoalle en wenten fan Burdaard en it swimbad fan Hallum krije miljeufreonlike ferwaarming.