Stedsperfoarmer foar Ljouwert

23 jun 2009 - 17:55

Marten Winters wurdt de earste stêdsperfoarmer fan Ljouwert. Dat is tiisdeitemiddei bekend makke yn it Historisch Centrum Leeuwarden.

Winters is multydissiplinêr byldzjend keunstner en sil wurken meitsje by heuchlike foarfallen yn de stêd. Der wiene fiif kandidaten foar de funksje -allegear mei in oar fakgebiet as de poëzij - dêr 't de eardere stedsdichters gebrûk fan makken. Winters folget Derwent Christmas op, hy wie de lêste stêdsdichter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)