Angels freed foar Hege Ried

© Omrop Fryslân
No freed falt it finale oardiel oer de Hells Angels yn Harns. De Hege Ried beslút dan definityf oft de motorklup al of net ferbean wurde moat.
It Ljouwerter gerjochtshôf oardiele ein 2007 dat de Hells Angels net ferbean hoege te wurden, mar it iepenbier ministearje hat de Hege Ried frege dy útspraak tsjin it ljocht te hâlden. Justysje hat de Hells Angels yn tal fan saken foar de rjochter sleept omdat it fynt dat de motorklup in kriminele organisaasje is.