Friezen hawwe fakânsjestress

By De Friesland wiene se tiisdei al hielendal yn fakânsjestimming
Friezen ha oer it algemien in protte lêst fan fakânsjestress. Dat docht bliken út ûndersyk fan soarchfersekerder De Friesland.
Ha wy alles mei? Is myn fakânsje wol hip genôch? En hoe fyn ik myn hotel? Fragen dy't by in soad minsken soargje foar fakânsjestress. Sa'n 43 % fan 'e Friezen seit hjir lêst fan te hawwen. Sels by it thúskommen is in grut diel noch net útrêste. Fakânsjestress is neffens de fersekerder te foarkommen troch alles goed ta te rieden.