Asbest Saailân is opromme

23 jun 2009 - 11:32

It opromjen fan it asbest út de muorren op de earste etaazje yn parkeargaraazje Saailân yn Ljouwert is hast klear. Ein nije wike wurdt it lêste asbest ôffierd. De kommende trije wiken wurdt besjoen hoe't it asbest út it parkeardek helle wurde moat. De kosten foar it opromjen fan it asbest wurde rûsd op in heal miljoen oant ien miljoen euro.

De parkeargaraazje is ûnderdiel fan it projekt Nij Saailân, dêr't ek de bou fan it nije Frysk Museum ûnder falt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)