De Friesland: reisfersekerings

De Friesland wol jild fertsjinje mei reisfersekerings...
Soarchfersekerder De Friesland besiket om mear reisfersekerings te ferkeapjen oan har klanten. Der wurdt sels in apart merk foar oprjochte: De Friesland Reisverzekeraar. De fersekerder kin mar dreech nije klanten krije, want minsken stappe net sa gau mear oer fan de iene nei de oare soarchfersekerder.
Dêrom wurdt keazen om besteande klanten mear produkten oan te bieden. Wat ek meispilet is dat der oan reisfersekerings mear fertsjinne wurdt.