Brân syljacht Iselmar

Syljacht baarnt út op 'e Iselmar (foto Jan Droogsma/112 Fryslân)
Op 'e Iselmar by De Lemmer is moandeitejûn in syljacht fan tolve meter útbaarnd. De twa minsken oan board kamen mei de skrik frij. Dy binne troch oare wettersporters yn feiligens brocht. De KNRM en de brânwacht fan De Lemmer hawwe it fjoer blust.
Om foar te kommen dat it wrak te sink gean soe, is de boat nei in sânbank tôge. Dêr is gjin disel yn it wetter kaam.