Finish Slachte Easterbierrum

© Omrop Fryslân
De Slachtemaraton yn 2012 rint fan Raerd nei Easterbierrum. De ôfrûne trije kear wiksele it finishplak hieltyd. Mar yn 2004 wiene der grutte logistike problemen by de einstreek yn Easterbierrum. Yn oerlis mei de organisaasje is it doarp mei oplossings kaam. De finish wurdt no nei foaren helle nei de Hoarnestreek.
Dêr is romte genôch foar foarsjennings foar besikers, kuierders, helptsjinsten en bussen. It lêste keale stik wurdt oanklaaid.