Frijwillige brânwacht is lilk

Petysje wurdt oanbean oan boargemaster Middel
De frijwillige brânwacht fan Fryslân is lilk. Se fiele harren net serieus naam. De brânwachtkommandanten hawwe ôfspraken makke oer harren rjochtsposysje, mar hawwe nea mei de frijwillige brânwachten oerlein.
Moandeitemiddei oerlangen fertsjintwurdigers fan de Fakferiening Branwacht frijwilligers en it korps Drachten in petysje oan Boargemaster Middel fan Smellingerlân.