Trije jier easke foar oerfal

Tsjin de earste fertochte yn de saak fan de oerfal op juwelier De Gouden Engel yn de binnenstêd fan Ljouwert begjin febrewaris is trije jier en twa moanne selstraf easke, wer fan seis moanne ûnder betingst en in proeftiid fan twa jier.
It giet hjir om in man fan 22-jier út Rotterdam. Yn totaal moatte de kommende trije dagen seis fertochten foarkomme. Trije saken fine plak achter sletten doarren, omdat it om minderjierrige fertochten giet.