Pranjic definityf nei München

22 jun 2009 - 13:21

Danijel Pranjic hat syn dreamtransfer nei Bayern München. Moandei waarden Hearrenfean en Bayern München it iens oer de betingsten fan de oergong fan de Kroatysk ynternasjonal. Pranjic waard ferline wike al medysk keurd en spilet de kommende trije seizoenen yn de kleuren fan Bayern. "Dit is een droom die uitkomt. Bayern München is Europese top en hoort in de categorie Real Madrid en Barcelona", sa liet Pranjic witte op de webside fan Bayern München.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)