'Sfear Skewiel ferpest'

© Omrop Fryslân
De sfear binnen Skewiel-Trynwâlden is goed ferpest. Dat seit de kliïnteried fan de soarchynstelling as reaksje op de fúzjeperikelen. De klanten fan Skewiel meitsje harren bot soargen oer de takomst en binne lilk op de ûndernimmingsried. Dy hat sein net troch te wollen mei de foarnommen fúzje mei soarchgroep Tellens.
Dêrmei is dy fúzje ûnder druk kommen te stean en driget neffens de Ried fan Tafersjoch fan Skewiel sels in fallisemint.