Arriva wol spuiers oanpakke

22 jun 2009 - 12:44

Arriva wol DNA helje út de flibe fan minsken dy't op bussjauffeurs spuie. It ferfiersbedriuw hat dêrfoar tastimming frege oan it Iepenbier Ministearje. Yn Liverpool, dêr't Arriva ek bussen riden hat, hawwe bussjauffeurs ek in saneamde 'spitkit' yn de bus om it DNA út flibe feilich te stellen.

It idee dat harren DNA fêstlein wurdt skrikt ûnrêststokers ôf en foarkomt oerlêst. Dat is de ûnderfining yn Ingelân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)