Rjochtsaak juwelier fan start

22 jun 2009 - 12:31

De seis jonges dy't op 5 febrewaris de juwelierssaak De Gouden Engel yn it sintrum fan Ljouwert oerfallen ha, moatte moandei, tiisdei en woansdei foar de rjochter yn Ljouwert komme.

De jonges binne tusken de 15 en 22 jier en komme út Rotterdam. Se rûnen tsjin de lampe nei de oanhâlding fan trije fan harren foar de oerfal en mishanneling fan in echtpear yn Strijen. Der binne trije minderjierrige fertochten en dy saken wurde achter sletten doarren behannele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)