Unesco praat oer Waadsee

Unesco praat dizze wike oer de Waadsee
Dizze wike wurdt dúdlik oft de Waadsee al as net op de list fan wrâlderfgoed opnaam wurdt. De Unesco-kommisje praat fan moandei ôf yn it Spaanske Sevilla oer tritich nije foardrachten út de hiele wrâld.
Der binne noch trije oare natoergebieten foardroegen. Sa wol Sina de berch Wuhai graach op de list ha en Italië it geberchte de Dolomieten. De ferwachting is dat de foardracht fan de Waadsee in goeie kâns makket.