'UR beskeadiget Skewiel'

Soarchynstelling Skewiel Trynwâlden
De ûndernimmingsried fan soarchynstelling Skewiel Trynwâlden beskeadiget de organisaasje troch de aksje tsjin de fúzje mei Tellens. Dat seit foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch Piet Poortenga.
As de fúzje mei Tellens net troch giet, is in fallisemint tichtby, seit Poortenga. Omdat de Ried ôfstân nimme wol fan de gefolgen fan de aksje fan de ûndernimmingsried, lizze de leden harren funksje woansdei del. It optreden fan de UR nimt hy 'ûnbehoarlik'