Herre Zonderland twad op NK

Herre Zonderland fan De Lemmer is by it Nederlânsk kampioenskip turnjen yn Rotterdam twadde wurden op it ûnderdiel rek, brêge en 'voltige'. Op de mearkamp en by de ringen pakte Zonderland it brûns.
Lichelle Wong, ek fan Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean, pakte it sulver op de brêge en de balke. Sneon soarge Wong foar in histoarysk momint troch as earste 'Friezinne' kampioene op de mearkamp by de senioaren te wurden. Joy Goedkoop pakte brûns op sprong.