Midsieusk spektakel Wolvegea

Op it Pastoryplein yn Wolvegea wie sneon in konfrontaasje tusken de soldaten fan de biskop fan Utrecht en de Stellingwervers. Dêrby waard troch de Stellingwervers in saneamde 'evenhege' ynset.
In evenhege is in midsieusk belegeringswapen dy't de Stellingwervers yn 1309 brûkt ha by de belegering fan it kastiel yn Vollenhove. Op de evenhege ûntstie in stekspul. It spektakel waard delset yn it ramt fan 700 jier Stellingwerven.