Lilke man mei hûn
Twa meiwurkers fan in kroech oan de Nijstêd yn Ljouwert binne mei de dea bedrige om't se wegeren in hûn binnen te litten. De 30-jierrige eigner fan Ljouwert wie poer doe't him de tagong wegere waard.
Plysjeminsken koene de Ljouwerter efkes letter oanhâlde. Hy en syn hûn binne meinaam nei it plysjeburo.