Man yninoar slein yn Drachten

21 jun 2009 - 14:10

Op de Noarderbuert yn Drachten is yn de nacht fan sneon op snein in 24-jierrige Drachtster samar yn inoar slein. De man wie der sa min oan ta dat er oerbrocht is nei it sikehûs.

Oan de hân fan tsjûgeferklearrings koe de dieder efkes letter oanholden wurde. It giet om in 18-jierrige Drachtster. De jonge is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)