Oerfallen troch maskere manlju
Twa maskere manlju ha sneontejûn yn Ljouwert in groep fan sân jonges fan 13 oant 16 jier oerfallen. De manlju fregen de groep om harren jild. De jonges tochten earst dat it om in grap gie.
Doe't de oerfallers in stroomstjitwapen tefoarskyn hellen, skrokken de jonkjes en besochten se út te naaien. Ien jonge slagge dat net. Syn beurs is stellen.